Оригинален текст
Ik wit net asto sist te wachtsjen
Op in freonlik wurd fan my
As ik dy oprop in myn gedachten
Dan wurd ik sa bliid fan dy
Ik fiel it as ik dy foarby rin
As ik dy sjoch dyn stim wer hear
It sit in hundertûzen flinters
Dy't swiet swefe troch myn lea
Ik ha dy leaf myn hiele libben
't is folle mear as hâlden fan
't is krekt as asto in myn bloed sist
En ik kin der neat tsjin dwaan
Dyn moaie eagen lykje marren
Ik kin der sa in ûndergean
It is in bjusterbaarlik barren
Ik krij it ek fan 't hearrenfean
Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf
Ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
't binne mar fjouer lytse wurdsjes
En al makket ús dat soms wat bang
Ik ha dy leaf
Wol âlve stêden lang
Ik fiel it moarns asto wer opstietst
Ik sjoch it yn in simmerske bui
Ik wurd al weak asto ris fourtgietst
Yn myn allermoaiste trui
It is myn hân dy'st samar fêstpakst
As wy kuierje lâns de feart
It komt ek, en dat is no it frjemde
Troch soms hast hielendal neat
Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf
Ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
't binne mar fjouer lytse wurdsjes
En al makket ús dat soms wat bang
Ik ha dy leaf
Fjirtjen blommencorso's lang
Ik priuw it as ik dy in tút jou
Of asto laakest út alle macht
Ik sjoch it as der wer in stjer falt
Nei it wyld vrijen yn 'e nacht
It is dy tinteling, dat bryske
En dêrom bisto fan my